Kollum: "Deenske wifi"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter
"As je yn de simmer in moaie en waarme dei ha, wolle de minsken nei it strân. Ik ek, as ik it oan tiid ha, want geandewei dat ik âlder wurd, is myn argewaasje tsjin sân tusken de teannen, yn de ûnderbroek en tusken de kiezzen hielendal fuort sakke. Ik mei graach in skoft yn it seewetter ombanjerje, de winter is op kommendewei, dus litte wy der mei dy hitte it bêste der dan ek mar fan meitsje.
Je sjogge fan alles op it strân. Under oaren dat de útkomsten fan de ûndersiken nei tanimmende obesitas 100% wier binne. Der komme al mar mear minsken dy't fierstente grou binne. In pear pûn tefolle, okee. Mar tsjinwurdich rinne der froulju fan tsjin de tweintich om dy't foar de helte út oergewicht besteane. Neffens guon minsken is de komby fan in mjuks fan alkohol mei enerzjydrankjes dêr in grutte feroarsaker fan. Kaloryknallers dêr"t je de gefolgen fan sjen kinne. En binne der eins noch minsken sûnder kleurplaten op it liif? Ik ha se net, wol se net ha, mar ik bin hast in útsûndering, leau ik. Mar elts moat it sels mar witte.
As je ris op in oar plak nei it strân geane, komme jo de ferskillende gebrûken op dat strân ek te witten. De Fryske strannen fan de waadeilannen binne mei ôfstân de moaisten. Dat realisearje wy ús fierstente min. Wy ha de moaiste strannen fan Nederlân, Belgie, Dútslân en Denemarken. Op de measte oare strannen steane fan dy ferskriklike strânhúskes, dy't it sicht op de dunen fersmoargje. Wy ha datsoarte ûnsin net. Wy ha strannen dy't moai fan breedte binne, gjin grint of in idioat soad skerpe skulpen dy't je der ta twinge om skuon oan de fuotten te dwaan, mar moai sân dêr't je einen op rinne kinne. Wy ha prima strântinten dêr't je even sitte kinne om wat te iten en te drinken.
Sa as op It Amelân, prima ferdield, ien by elts doarp, net tefolle en net te min, mar krekt goed. Wy moatte earst in eintsje farre om op in eilân te kommen en ha dan daliks it fakânsjegefoel. Ik wit noch dat der ea plannen wienen om in daam oan te lizzen tusken de fêste wâl en It Amelân.
Op it stuit dat ik dit skriuw, sit ik op in eilân dat mei in daam oan it fêste lân ferbûn is. It Deenske Rømø. Dat dus eins gjin eilân mear is, mar dat is foer foar puristen. It is in prima plak, hear. Mar dochs is it oars as de moaie skjinne Fryske waaddiamanten. Ik ha hjir in jier as fiifentweintich lyn ek alris west, mar wie de gebrûken ferjitten. Sjoch, it wie snein waarm waar. En dan is it fileriden fan it begjin oant de ein fan de strekdaam. En wêr bliuwe dy auto's allegearre? Want der is fansels fierstente min parkearromte. Nee, hear. Rømø hat sa'n ûnbidich breed strân dat al dy Denen en Dútsers der mei de auto op ride en hast oan it wetter fan de see tuffe. Dêr ploffe se de brut del en sa stiet der oan de hiele kustline in armada oan gleonhyt blik. Mei bier yn de kofferbak. En enerzjyrankjes.
Frije wifi stiet hjir ek noch yn de berneskuon. Op ien plak ha se dat yn elts gefal wol. De strânbiblioteek op wei nei it strân fan Lakolk. In tige freonlike dame stie ús yn treflik Ingelsk te wurd. De byb hat wifi omdat it Deenske regear dat sa wol. It meast ûneachlike gebou fan Lakolk is syn tiid dus fier foarút. De strânbyb op Rømø stiet der mar ien moanne. Yn july. Dêrnei is de frije wifi wer ferdwûn achter slotsjes mei passwords."