Arnold Zijlstra hat 'abonnemint' op keats-off

28 jul 2016 - 07:30

Op it Sjûkelân yn Frjentsjer stride tongersdei fjouwer keatspartoeren om it lêste plak op de PC fan no woansdei. It is, sjoen de lange skiednis fan de PC, in relatyf nij fenomeen. Fyftjin partoeren pleatsten harren rjochtstreeks, it lêste partoer moat der jûn noch twa omlopen foar winne.

Hoe nij dy keats-off ek is, der is ien man dy't op dielname oan dy keats-off in abonnemint liket te hawwen: Arnold Zijlstra fan Tsjummearum. Jûn mei er mei Tsjerk Elsinga en Hillebrand Visser besykje him te pleatsen foar dé keatswedstriid fan it jier.

Spannende wedstriid

Zijlstra tinkt dat it tongersdeitejûn in spannende wedstriid wurdt. "Se kinne allegear keatse. Mar dat kinne wy ek! It sil der om spanne fan 'e jûn", sa seit Zijlstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)