Autodief rydt mei stellen BMW dwerstroch stek by akwadukt

It akwadukt by de Drachtsterwei yn oanlis © Omrop Fryslân, Aise van Beets
In 27-jierrige Ljouwerter autodief is woansdei troch in stek fan it bouplak fan it akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert riden om oan de plysje te ûntkommen. De plysje hie de dyk by de Drachtsterbrêge mei meardere auto's blokkearre nei't dúdlik wie dat de auto dêr del ride soe. De BMW wie stellen op It Hearrenfean,
De bestjoerder ried om de blokkade hinne en knalde troch in stek. De auto kaam op it bouplak fêst te sitten. De fertochte naaide út en ferskûle him. Mei help fan in omstanner hat de plysje de man oanhâlden.