1 maaie-fiering op It Fean

01 maaie 2012 - 12:45

Op de Dei fan de Arbeid waard tiisdei op tal fan plakken yn Fryslân 1 maaie-betinkings hâlden. De PvdA op It Hearrenfean hâlde tiisdeitemoarn ien foar de wat âldere leden. Spesjale gast wie Twadde Keamerlid Lutz Jacobi.

Der waard praat oer de partij, de Dei fan de Arbeid, mar ek oer it saneamde Kunduzakkoart. Dat binne de geheime ôfspraken yn it begruttingsakkoart dêr't de PvdA net oan meidien hat. It Kunduzakkoart hjit sa omdat de dielnimmende partijen deselde wiene as dy't foar de plysjetrainingsmissy nei it Afgaanske Kunduz wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)