Bestjoerder flechtet út baarnende auto

27 jul 2016 - 20:02

Yn Wolvegea is woansdeitejûn om sân oere hinne in auto útbaarnd. Troch noch ûnbekende oarsaak fleach de achterkant fan de wein yn de brân. Dat wie op de strjitte Om den Noort. De bestjoerder koe der op 'e tiid út komme en alarm slaan.

De brânwacht hat it fjoer útmakke. De sportauto kin nei alle gedachten as ferlern beskôge wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)