Grutske Weduwe smyt de lapen gear mei Boomsma

27 jul 2016 - 18:50
  • In gleske bearenburch op de goede ôfrin

Bearenburchmerk Weduwe Joustra út Snits is oernaam troch Boomsma Distilleerderij út Ljouwert. It Snitser famyljebedriuw socht in oernamekandidaat, nei't oandielhâlder Dirkzwager yn Skiedam fallyt gien wie. Weduwe Joustra is finansjeel sûn en dêrom wiene der in protte oernamekandidaten.

Boomsma is lykas Weduwe Joustra in âld famyljebedriuw. Dêrom wie der neffens beide partijen fuortendaliks in klik. Direkteur Chantoine Boomsma seit dat Weduwe Joustra in belangryk ûnderdiel is fan de Fryske kultuer. Dat mei net ferlern gean.

Weduwe âlder as Boomsma
By Weduwe Joustra sil foarearst neat feroarje. Heleen Sonnenberg bliuwt oan as direkteur en it bedriuw bliuwt yn Snits. Oft alle banen yn Snits behâlden bliuwe, is noch net te sizzen. Weduwe Joustra bestiet 152 jier, de earste flesse Boomsma-bearenburch kaam der 130 jier lyn.

Grutsk
Heleen Sonnenberg lit yn in earste reaksje witte grutsk te wêzen op de oername. Neffens har hat it bedriuw twa ''bizarre'' wiken achter de rêch. Se hat der alle fertrouwen yn dat har bedriuw yn goede hannen is foar de takomst. Se sjocht Boomsma net as konkurrint, mar as in kollega dy't begrypt hoe't de merk wurket. ,,We moeten ons als producenten gezamenlijk sterk maken voor de beerenburg.''

Werom yn Fryslân
Sonnenberg tinkt noch in soad leare te kinnen fan it ynnovative karakter fan Boomsma. Se slút útwreiding fan de produksje net út. ''Maar eerst gaan we vieren dat Weduwe Joustra na 35 jaar terug is in Friesland.'' It resept fan de Weduwe Joustra-bearenburch bliuwt in famyljegeheim.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)