Brânwacht Ljouwert fiert aksje foar pensjoenregeling

27 jul 2016 - 15:54

De brânwacht fan Ljouwert hat woansdeitemiddei in petysje oerlange oan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy is ek de foarsitter fan de Fryske Feilichheidsregio. De brânwachtmanlju wolle mei it oanbieden omtinken freegje foar in goede pensjoenregeling. De ûnderhannelings dêroer sitte fêst.

Crone hat begryp foar de aksjes fan de brânwacht. Hy wachtet no earst ôf wêr't in saneamde ferkenner mei weromkomt. Dy praat de kommende moannen mei alle partijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)