Drachten hat earste Tesla-supercharger fan Noard-Nederlân

27 jul 2016 - 15:30
  • Yn fjirtich minuten is de Tesla hielendal opladen

Yn Drachten is woansdei it earste rappe-oplaadplak foar Tesla's fan Noard-Nederlân offisjeel yn gebrûk naam. Dêr kin de Tesla, Model S, yn 40 minuten hielendal opladen wurde. De stopkontaktpeallen stean op it parkearplak fan it Van der Valk-hotel. Acht Tesla's kinne dêr tagelyk oan de stroom, gjin oare merken. Yn hiel Nederlân binne no sân fan sokke oplaadplakken.

It personiel fan it hotel tocht earst dat acht oplaadpeallen te folle wie. Mar de lêste twa wiken is der al in soad gebrûk fan makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)