Stroetinga hat no al gjin medaljekânsen mear

03 aug 2016 - 07:19

Kommende freed begjinne yn it Braziliaanske Rio de Janeiro de Olympyske Spelen. Fansels dogge der ek wer Friezen mei. Yn de oanrin nei de Spelen stelle we alle Fryske dielnimmers foar. As fyfde Wim Stroetinga. 

Eins gjin medaljekânsen, lilk op de KNWU en op syk nei in nije ploech. "Als het een WK was geweest, was ik niet gegaan." De tredde Spelen foar Wim Stroetinga wurde aparte Spelen. "Maar het is toch bijzonder om er weer bij te zijn."

Wêrom hy eins gjin Frysk praat? Syn broer en reedrider Arjan Stroetinga is ommers sa Frysk as wat en se binne opgroeid yn Aldeberkeap. "Arjan vind dat ik Nederlands moet praten, omdat mijn Fries niet goed genoeg is. Arjan heeft een Friese vriendin, heeft veel Friezen in zijn ploeg en woont in Fryslân Ik woon nu vier jaar in Nijkerk en mijn vriendin (Roxane Knetemann, dochter fan Gerrie Knetemann, en ek hurdfytser, red.) is ook geen Fries. Ik kan het wel en ben ook echt nog een Fries, maar luister graag naar mijn broer."

Gjin medaljekânsen

Mar hoe sit it no krekt? Wêrom kinne we no eins al sizze dat Stroetinga gjin kânsen op in medalje hat? Dat hat te meitsjen mei de teamgearstalling by it ûnderdiel ploege-efterfolging. Tim Veldt fytst yn de earste omloop mei, mar yn de twadde as it der echt om giet, is Veldt der net mear by. Dan fytst hy it yndividuele ûnderdiel omnium. Allinnich as de Nederlânske ploech foar in medalje striidt, dan docht Veldt wol mei. "Maar zonder Veldt zijn we in principe kansloos voor een medaille. Ik ben er nu niet meer kwaad over. We moeten het er mee doen." Mar om no te sizzen dat Stroetinga it leuk fynt. "Als het een WK was geweest, was ik niet gegaan. Dan had ik me geconcentreerd op de weg. Maar ik ga wel voor de derde keer naar de Spelen hè. Hoeveel mensen kunnen dat zeggen?" Fjouwer jier lyn einige Stroetinga mei de ploege-efterfolging as sânde op de Spelen.

Konkurrinsje

Australië en Grut-Brittannië binne de grutte favoriten, mei krekt der efter de Denen. Op it lêste WK einigen de Nederlanners as achtste en die de ploech hast tsien sekonden langer oer de fjouwer kilometer op de baan as de winner. "Maar we rijden inmiddels al 3.57 en zijn de toppers tot op een paar seconden genaderd. Maar dat is wel met Veldt erbij."

By de ploege-efterfolging komme twa ploegen fan fjouwer fytsers op de baan en sette beide in tiid del. Nei in earste omloop wurdt sjoen nei de tiden. De nûmer ien moat dêrnei tsjin de nûmer fjouwer, nûmer twa tsjin trije. De winners dêrfan stride om goud en sulver. De ferliezers treffe de winners fan de nûmers fiif oant en mei acht en stride om de brûnzen medalje. "Mochten we toch nog om een medaille strijden, dan komt Veldt er weer bij. Bij de beste acht moet lukken. Het zal wel plek vijf of zes worden. Dat is na een eerste ronde dan mooi, maar zonder Veldt gaat het ons niet lukken om in de tweede ronde te gaan strijden om brons."

Nederlânsk kampioenskip

Syn hichtepunt op de dyk belibbe Stroetinga dit jier hast op it Nederlânsk kampioenskip. Stroetinga wie yn foarm en wûn al yn de Ster ZLM Tour. Dat it NK in massasprint wurde soe, stie al sa goed as fêst. Dat waard it ek. Alle kânsen foar Stroetinga, mar troch in fout fan syn ploechgenoat by Parkhotel Valkenburg waard hy net goed ôfsetten en waard hy tredde efter Dylan Groenewegen en Wouter Wippert. Nei de finish wie hy nochal lilk en dat liet hy ek blike. "Normaal gesproken geen probleem, dat doen sprinters altijd." Mar no stie der in kamera op en koe hiel Nederlân live mei genietsje fan syn tirade. "Daar heb ik nogal wat reacties op gekregen ja. Meestal gooi je je helm en bidon in de bus tegen de grond als je in de massasprint niet wint. Dat hoort bij het karakter van sprinters. Nu kon iedereen het zien. Met mijn ploeggenoot zit het wel weer goed. Ik heb er geen spijt dat ik kwaad werd. Ik had het alleen op een andere plek moeten doen. Kijk, dit was wel mijn kans en misschien wel mijn laatste kans. Dylan Groenewegen is jong en wordt alleen maar beter. Die kan één van de beste sprinters van de wereld worden. Bovendien weet je niet wanneer het NK weer eens eindigt in een massasprint."

Ambysjes

"Ik heb een goed jaar en had eigenlijk wel gehoopt dat een ploeg zich zou melden." Stroetinga syn ambysjes lizze absolút op de baan en op de dyk. Op de dyk wûn hy etappes yn de Olympia's Tour en yn de Ster ZLM Tour wûn hy in etappe foar Dylan Groenewegen en Sep van Marcke. "Zo'n ploeg als Roompot meldt zich dan niet. Dat verbaast me wel. Ze hebben niet eens een echte sprinter." Aldus de no 31-jierrige Stroetinga dy't earder alris foar de Pro-Tour ploech Milram ried.

Op de baan hat hy de pech dat syn favorite ûnderdielen net Olympysk binne. Op de koppelkoers wûn hy al seisdaachsen yn Rotterdam, Bremen en Londen, op omnium waard hy Europeesk kampioen en twadde op it WK en op scratch wûn hy twa kear sulver en brûns op it WK. "Maar al die onderdelen zijn nier Olympisch en ja, dat is wel balen. Zo'n koppelkoers in zo'n vol stadion is echt kicken en super tof om te doen."

Wim Stroetinga fytst 11 augustus de kwalifikaasje en op 12 augustus wurde de medaljes ferdield. Hy fytst mei Tim Veldt, Joost van der Burg en Jan Willem van Schip, reserve is Nils van 't Hoenderdaal. Folgje alles oer de Olympyske Spelen fia omropfryslan.nl/os en de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)