Baggerwurk yn de Alde Feanen kin meikoarten wer los

27 jul 2016 - 14:07
  • De Alde Feanen

Der wurdt meikoarten wer baggere yn de Alde Feanen. It wurk yn it natuergebiet lei stil fanwegen it briedseizoen, mar fan nije wike ôf mei der wer baggere wurde. It giet dan om hydraulysk baggerjen, wêrby't it slyk fan 'e grûn sûge wurdt en troch buizen nei in opslachdepot by Aldegea giet.

Der wurdt sûnt 2013 yn de Alde Feanen wurke, mei as doel de wetterkwaliteit en befarberheid te fergrutsjen en de natuer te herstellen. It wurk duorret noch oant maart 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)