Plysje trappearret 42 oertrêders op de Wâldwei

27 jul 2016 - 13:54

De plysje hat de ôfrûne twa wiken 42 oertrêders trappearre op de Wâldwei tusken Drachten en Ljouwert. Yn totaal krigen 38 automobilisten in proses-ferbaal om't se te hurd rieden. Op de Wâldwei jildt in maksimum snelheid fan 100 kilometer yn de oere. De oare bestjoerders binne trappearre op ûnder oaren net handsfree beljen.

De plysje hâldt yn gearwurking mei ûnder oaren it Iepenbier Ministearje ekstra kontrôles op de Wâldwei. Ut ûndersyk fan Rykswettersteat hat nammentlik bliken dien dat fyftich oant tachtich prosint hjir te hurd rydt.

Dat soarget foar gefaarlike sitewaasjes. Njonken de ekstra kontrôles komt de plysje ek mei in foarljochtingskampanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)