Hoarekaferiening: "Fraachtekens by strânûndersyk It Amelân"

27 jul 2016 - 13:42
  • It strân by Nes, It Amelân

De hoarekaferiening fan It Amelân set fraachtekens by de konstatearring fan in fakânsjewebside dat it eilân it djoerste strân fan Nederlân hat. De webside hat ûnder oaren nei de kosten fan konsumpsjes sjoen, mar dêr bygelyks ek by opteld hoefolle in besiker kwyt is oan sinnebrânkrêm.

De hoarekaferiening freget him ôf oft der wol echt nei de prizen op it eilân sjoen is. Ek wiist it der op dat hoareka-ûndernimmers harren fêste kosten weromfertsjinje moatte en dat dy op in eilân mooglik heger binne as oan de fêste wâl.

Grutte gefolgen fan it nijs wurde net ferwachte, neffens de hoarekaferiening wolle besikers ek yn de takomst graach nei it eilân en syn natuer komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)