Mids augustus komme de earste asylsikers nei Balk

27 jul 2016 - 12:46
  • It sintrum fan Balk

Op moandei 15 augustus komme de earste asylsikers nei Balk ta. It is noch net dúdlik om hoefolle minsken it giet. Der is yn it nije sintrum romte foar 500 asylsikers, mar it is de fraach as dat oantal wol helle wurdt.

Der komme op it stuit wykliks mar sa'n 400 asylsikers Nederlân binnen. Dat ha der wol tûzenen west. It Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, it COA, sil yn septimber ynventarisearje wat noch nedich is oan opfang yn Fryslân, no't de oantallen asylsikers sa bot weromrinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)