Swimbad noch lang net iepen

01 maaie 2012 - 12:00

It duorret noch wiken foardat der swommen wurde kin yn swimbad Schatzenburg by Menaam. By wurk op it parkearterrein, ôfrûne winter, binne kabels, werûnder in heechspanningskabel, en gas- en wetterliedings fernield. It parkearterrein is fan de gemeente.

De skea is wer makke, mar útbater Van Booma fertrout it net, omdat de liedings by him yn de masinekeamer no lekke. Hy doar de wetterpompen net oan te setten. De gemeente moat de skea reparearje en de grûn keure. It bad kin dan pas yn juny iepen, seit Van Booma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)