Lieuwe Westra klaut wer by de wâl op

27 jul 2016 - 11:46
  • Lieuwe Westra

Hurdfytster Lieuwe Westra fan De Tynje is der noch net hielendal boppe-op, mar wol in ein op wei. Tiisdeitejûn kaam de proffytser oan de start yn Surhústerfean. Hy waard fjirde.

It is fijn om wer yn Nederlân in tal profrondes te riden foar Westra. Hy hat in behoarlike dip, of depresje, hân it ôfrûne jier. Privee gie it net goed. Mar de enerzjy komt stadichoan werom en Westra sjocht wer foarút. Hy set yn op it riden fan de Ronde fan Spanje, De Vuelta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)