Joop Atsma ynformateur Achtkarspelen

27 jul 2016 - 11:11

Joop Atsma moat in nije koälysje yn Achtkarspelen gearstalle. Hy is troch it CDA beneamd as ynformateur yn de ûnderhannelings foar in nij kolleezje. Earder mislearren petearen ûnder lieding fan de FNP foar in nij gemeentebestjoer. It CDA krige dêrom begjin dizze wike de kâns om de ûnderhannelings te lieden en liet fuortendaliks witte dêrfoar in ûnôfhinklik ynformateur yn te skeakeljen. Dy rol is no foar Atsma.

In pear wike lyn knapte it kolleezje neidat koälysjepartner PvdA it fertrouwen opsei yn FNP en GBA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)