Huite Zonderland tydlik foarsitter gymnastykbûn

27 jul 2016 - 11:06

Huite Zonderland fan De Lemmer, de heit fan turner Epke, is tydlik foarsitter fan gymnastykbûn KNGU. Zonderland folget per direkt Jos Geukers op, dy't tiisdei fuortstjoerd waar troch de bûnsried en syn kollega-bestjoerders.

Sy ferwite de âld-foarsitter dat er te solistysk wie. Ek hat er mear jild útjûn as dat der binnenkaam by it gymnastykbûn. Om dy reden kundige Geukers yn febrewaris al oan kommend neijier op te stappen, mar dat is no earder wurden. It bûn wie al begûn mei in syktocht nei in nije foarsitter en set dit ek troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)