Strannen It Amelân aardich oan 'e priis

27 jul 2016 - 10:02
  • It Amelân

As je in dei nei it strân wolle yn Nederlân, binne je op It Amelân it djoerste út. Dat seit online-reisbedriuw Travelbird. Sy ûndersochten de prizen fan hapkes, drankjes en saken lykas sinnebrânoalje op strannen yn binnen- en bûtenlân. Op It Amelân binne je gemiddeld goed 35 euro kwyt foar in dei, seit Travelbird. It goedkeapste strân yn Nederlân is Noordwijk, mei goed 31 euro. Yn de totale list mei 250 strannen stiet It Amelân op plak 62.

Ynternasjonaal sjoen betelje je it measte op Tahity (53,24 euro) en it minste yn Fjetnam (12 euro).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)