Auto yn it wetter op N359 by Warkum

© 112fryslân
Op de N359 by Warkum is woansdeitemoarn in auto te wetter rekke. De bestjoerder is ferwûne rekke en waard behannele troch de helptsjinsten. Dêrnei is it slachtoffer mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
Om't net dúdlik wie oft der mear minsken yn de auto sieten, is noch in sykaksje yn it wetter hâlden. Der is nimmen oantroffen. Yn ferbân mei de helpferliening wie de dyk tusken De Lemmer en Warkum tydlik ôfsletten.