Kollum: "Sneu"

27 jul 2016 - 08:53

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

“Ik kin it my hast net foarstelle. Hoe is it mooglik. Dat kollega-kollumniste Nynke van der Zee it der moandei oer hie dat der op ‘t heden hast gjin nijs mear is. Ja, se hat fansels wol in bytsje gelyk. Je tinke no dat alle ûngelokken yn july barre, mar se komme no yn de krante om’t der oars neat is. Mar Nynke, we stean dochs foar it oare oan de foarjûn fan de meast fantastyske moanne foar ús provinsje Fryslân dy’t je je mar yntinke kinne. As Julius dy moanne net augustus neamd hie, wie’t wol Frisia wurden. Fryslân giet de komende moanne folslein los. Wikenlang ha we yn Frankryk omtoarke. Earst mei horden tatoeëarde kabouters dy’t neat oars diene as mei de hannen wapperje: it is ús bal. En mei dat yrritante fingerke: dat sjoch je fout skieds. Dêrnei wikenlang dat domme gedoch fan dy hurdfytsers hymjend by dy bergen omheech. Keapje dan in elektryske fyts, of rydt op de dykjes om dy berch hinne. En ik wit wol, aanst stean der yn Rio allegear fan dy bikinyfamkes olympyske fjûrkes te stoken, mar der sjogge we yn Fryslân mar mei in heal each nei. Want wy, tink derom, wy ha ús eigen grutte dagen.
Justerjûn is it ommers al begûn. De Profronde fan Surhústerfean. Tûzenen minsken dy’t it net oan tiid hiene yn Frankryk lâns de kant stean te swaaien mei in selfytelefoan, wiene dêr no juster. En seagen fansels dat de oare hurdfytsers earbiedich oan de kant giene foar Froome. Ja, Bauke wie efkes fan ús, mar doe’t er lêsten foel ha we him wer oan Grinslân weromjûn Mar dat makket neat. Der wiene kamera’s en beroemde fytsers justerjûn, dat is dochs alles wat je wolle.
Sneon dan begjinne de skûtsjes yn Grou mei harren eareronde troch hiel Fryslân. It wie altyd sa dat bakboard skippen foarrang hienen op stjoerboard skippen, mar yn de foarwedstriid yn Grou seach ik dat beide no jilde. Dat wurdt yngewikkeld. Dêrom hat de SKS alfêst frege hoe’t der mei in eventuele ramp omgien wurde moat. Want dy skûtsjes tremme elkoar fansels yn dy talleaze boatsjes mei tûzenen lju dy’t oan de kant lizze.
Nije wike woansdei de PC. Eartiids sloegen je elkoar de harsens yn om oan sa’n PC kaart te kommen, tsjintwurdich jou je dy kaart mar oan in oar dan hoech je der sels net mear hinne. Want dan moat je yn in kúpstuoltsje en dan wurdt je lestich fallen troch de stifting Responsebile Drivers. Dy wol de lju wize op it gefaar fan alkohol yn it ferkear. Dat is in goede gedachte. Dêr kin je 364 dagen fan it jier goed mei oankomme. Mar net op de PC dei. Se dogge it yn oparbeidzjen mei de gemeente, dy’t miskien sels it inisjatyf naam hat. Ik ha by sokke berjochten altyd de gedachte dat se dêr dus elk jier in smak folk dronken yn in auto oantreffe. Oars hoege je nei mei sa’n stifting op in foar it oare kânsleaze missy.
In pear dagen letter wurdt de Snitswike iepene. Dit jier foar it earst yn teater Snits. It wie altyd yn de stedhûstún, mar dy stiet no fol mei muzyk en benammen drankferkeap. Ek de floatskou is earder, dan kin de bern ek noch mei nei de kroech. De kroegen bin nammentlik baas mei de Snitswike. It soe dêrom goed wêze as dy anty alkohol stichting in wike lang yn Snits omheukere, mar dy wedstriid ha se ferlern. Snits moat it dwaan mei in boat dy’t oanwiisd dat der in plestyk sekje yn it wetter leit. Je kin meifarre om dat te sjen. Mar je kin net farre op de Snitser Mar, want dêr wurdt syld. En ik hoech net yn in boat te sitten dy’t plestyk sekjes opsiket krekt efter de Terhernster slûs.
En dan begjint it wykein dêrnei de fuotbalkompetysje ek noch. Ik wit net hoe’t it jimme fergie, mar ik fûn it sa sneu. Sa ferskriklike sneu. De Ljouwerter Krante kaam moandei mei in grandioas ferhaal oer Namli en Van Amersfoort. Dy soenen it wat ‘skaars’ besette middenfjild fan SC Hearrenfean muoiteleas nij libben ynblaze. Se wiene der hielendal klear foar. In pear oeren letter waard Schaars presinteard. As die Hearrenfean it der om. Sneu hear.”

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)