Noch gjin miggepleach yn Fryslân

27 jul 2016 - 08:00

In ramtsjegaas foar it rút, in fentilator yn de keamer en foaral gjin amers of bakjes mei wetter yn de tún sette. It binne in pear tips om miggen bûten de doar te hâlden. Yn it suden hawwe se op it stuit bot lêst fan in miggepleach. Safier is it yn it noarden noch net, mar ek hjir hawwe minsken oerlêst fan de lytse stekbisten.

"Yn it suden is folle mear reinwetter fallen", leit Sander Troost fan ûngediertebestriding Brouwer fan It Hearrenfean. Dêrom hawwe se dêr mear miggen. "Wetter is in goede boarne foar miggen."

Lit dêrom gjin amers mei wetter yn de tún stean", seit er. Mar as bêste tip om de bisten bûten te hâlden, riedt er oan om ramtsjegaas foar de ruten te dwaan. "Foarkomme is better as genêze. Mar ast se dochs binnen hast, dan kinst in fentilator delsette. Se hawwe der in hekel oan as it siicht."

Trefwurden: 
miggepleach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)