UPDATE: Stellen plysjefytsen weromfûn

27 jul 2016 - 07:14

De twa plysjefytsen dy't tiisdeitenacht stellen waarden yn Surhústerfean, binne wer weromfûn. Dat meldt de plysje op twitter. De plysjeminsken wienen fannacht drok mei it ferlienen fan help. In besiker fan it feest nei de Profronde yn it doarp wie net goed wurden. Wylst de plysjeminsken it slachtoffer holpen, hawwe omstanners de djoere fytsen meinaam. Nei in tsjûge-oprop krige de plysje tips oer de fytsen en hawwe se se wer weromfûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)