Bysûndere fynst aaikes inktfisk yn Waadsee

27 jul 2016 - 06:27

Yn de Waadsee is in bysûndere fynst dien. Der binne aaikes fûn fan in inktfisk. By in kontrôle fan de Waddenunit kamen de hûnderten aaikes oan it ljocht. Se sieten yn in mokselkuorke op de boaiem fan de Waadsee, deunby Skylge. It giet om de aaikes fan in saneamde seekat (Sepia officinalis). It is noch net dúdlik wêrom't de seekat no ek yn de Waadsee sit.

Nico Laros fan de Waddenunit wie tige ferrast doe't er de aaikes fûn. "In de ruim 30 jaar dat ik werk op de Waddenzee heb ik dit nog nooit gezien. Ze zitten natuurlijk in de Noordzee en je weet dat ze in de Oosterschelde voorkomen. Maar eieren van deze inktvis in de Waddenzee? Nee", sa seit Laros.

In mooglike ferklearring foar it finen fan in seekat yn de Waadsee is de geunstige temperatuer fan it wetter foar it bist. Inktfisken hâlde fan beskutting en waarm wetter; twa rânefoarwearden dy't sy yn de Waadsee fine kinne.

It mokselkuorke mei de aaikes is troch de Waddenunit werom pleatst yn de see en nei alle gedachten komme de aaikes ien dizzer dagen út.

Trefwurden: 
inktfisk Waadsee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)