Nije keatsformaasjes bekend makke

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn de keatswrâld binne binne in tal nije formaasjes bekend makke fan keatstrio's, Marten Bergsma wurdt de nije opslagger by Renze Hiemstra en Hans Wassenaar. In oare nije formaasje is Menno van Swieten, Pier Piersma en Hendrik Kootstra. Enno Kingma en Jouke Bosje hawwe Erwin Zijlstra as achterynse oanlutsen.
De nije partoeren komme foar it earst yn aksje op de frije formaasjepartij fan Wytmarsum. Dat is de earste haadklassepartij nei de PC.