Brânwacht Ljouwert yn aksje foar better pensjoen

26 jul 2016 - 21:52

De brânwacht fan Ljouwert komt woansdeitemiddei yn aksje foar in bettere pensjoenregeling. Om 14:00 oere biede se op it stedhûs yn Ljouwert in petysje oan by boargemaster Ferd Crone, dy't ek foarsitter is fan de feilichheidsregio Fryslân. De brânwachtmanlju en -froulju hawwe oankundige mei in soad brânwachtauto's nei it stedhûs te riden, om sa omtinken te freegjen foar harren aksje.

Yn it hiele lân wurde op it stuit troch de brânwachtkorpsen aksjes hâlden foar in bettere pensjoenregeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)