Boargemaster Van der Werff ferliest saak: boat moat fuort

26 jul 2016 - 21:35
  • De boat fan de boargemaster mei net yn de Zwolse Vaart lizze

Boargemaster Aucke van der Werff fan de gemeente Noardeastpolder mei gjin plezierjacht yn it wetter by syn hûs yn Marknesse te lizzen hawwe. Van der Werff, in Fries om utens út Skettens, hat syn boat yn de Zwolse Vaart te lizzen. De provinsje Flevolân hie dat ferbean. Dêrop stapte Van der Werff nei de rjochter. Hy hat de saak lykwols ferlern, meldt Omroep Flevoland.

De provinsje Flevolân wol net dat minsken harren boat yn de Zwolse Vaart te lizzen hawwe. Foar de boargemaster wurdt gjin útsûndering makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)