Froome wint 35e Profronde fan Surhústerfean

26 jul 2016 - 21:23

Chris Froome hat tiisdei de 35e Profronde fan Surhústerfean wûn. De Brit  wie de rapste yn in sprint mei Bauke Mollema, dy't dus twadde waard. Tredde waard Pieter Weening en fjirde Lieuwe Westra.

In lytse fjirtich hurdfytsers diene tiisdei mei oan de Profronde fan Surhústerfean, wêrûnder dus ek Tour de France-winner fan dit jier Chris Froome. It is de achtste kear dat in winner fan de Tour oan de start ferskynt yn Surhústerfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)