Iel en boat yn beslach naam fanwege fiskstreuperij

26 jul 2016 - 17:03

In 47-jierrige man út Skearnegoutum is oanhâlden op fertinking fan fiskstreuperij. Hy hie 69 ieldobbers by him. Dy meie net brûkt wurde sûnder fergunning. De man hie gjin fergunning, dus is alle fongen fisk yn beslach nommen en syn boat ek. De fisk is weromset yn it wetter.

Tsjin de man wurdt in proses-ferbaal opmakke. Hy kin in bêste jildboete ferwachtsje.

Trefwurden: 
fiskstreuper Skearnegoutum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)