Organisaasje SNN yn de race foar 'bêste wurkjouwer 2016'

Website SNN © Omrop Fryslân
It Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN) makket kâns op de titel 'Bêste wurkjouwer 2016'. De SNN is ien fan de trije finalisten yn de kategory 'iepenbier bestjoer en feilichheid'. Se dogge ek mei yn de kategory 'non-profit mei minder as tûzen meiwurkers'.
It SNN hâldt him dwaande mei it fersterkjen fan de ekonomyske posysje yn de trije noardlike provinsjes. De winners fan de kompetysje wurde op 4 oktober yn Amsterdam bekend makke.
Eise van der Sluis, directeur van het SNN is bliid mei de nominaasje. "Ik ben erg blij en trots op mijn collega's bij het SNN die zich elke dag vol enthousiasme inzetten voor ondernemers en inwoners in Noord-Nederland."