Ferkearssituaasje by Harns feroaret wer fanwege wurk oan N31

26 jul 2016 - 16:04
  • Sa komt de nije dyk der aanst út te sjen
  • In oersjoch fan de nije situaasje

De bypasses fan de N31 by Harns gean yn de nacht fan freed op sneon iepen. Op dit stuit wurdt der in akwadukt yn it Van Harinxmakanaal oanlein dêr't de dyk ûndertroch giet. Der is no in paralleldyk. Dêrtroch binne de op- en ôfritten by Harns út de rjochting Ljouwert en de Ofslútdyk fan tongersdeitenacht ôf wer oars.

It lânbouferkear dat no noch altyd oer de paralleldyk fan de Keningsbrêge koe, kin dat dan net mear. Fytsers kinne noch wol oer de brêge. De ôfrit Harns út de rjochting Ljouwert dy't al in skoft ticht is, giet wer iepen.

De oprit dy't it ferkear rjochting Ljouwert no brûkt, giet ticht. Ek ferkear út de rjochting Ofslutdyk sil fan freed ôf fia oare op- en ôfritten Harns yn- en útkomme. Yn de nacht fan tongersdei op freed sille der in pear ferkearsstops wêze om de bypasses klear te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)