Spesjaal filter helpt swimfiver Slappeterp ôf fan blau-alch

26 jul 2016 - 14:32

It reid yn it nije helofytefilter by de swimfiver fan minykamping en teetún Slappeterp moat noch wat groeie, mar de ynfloed fan it filter is no al goed te fernimmen. Acht wiken duorret it seizoen al, mar der hat noch gjin inkelde melding west fan blau-alch. En dat wie de ôfrûne jierren wol oars, sa witte de bestjoersleden fan de behearende stichting De Swanneblom. Mar it giet no echt de goede kant út. It wetter wurdt ek hieltyd klearder.

Swimfiver De Swanneblom is in offisjele swimlokaasje dêr't de kwaliteit fan it wetter geregeld kontrolearre wurdt. Foar de oanlis fan it filter moast 50.000 euro op it kleed komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)