Rieks Osinga: 'Mear kolleezjes as Achtkarspelen yn Fryslân'

26 jul 2016 - 14:22
  • Riedsgearkomste yn Achtkarspelen

De koälysje fan Achtkarspelen is de earste yn Fryslân dy't knapt is yn dizze bestjoersperioade. En it soe samar kinne dat it net de lêste is, seit bestjoerssaakkundige Rieks Osinga. It kolleezje yn Achtkarspelen stroffele oer jild dat oerbleaun wie fan it sosjaal domein. Dat kaam om't de gemeente net goed wist hoefolle jild oft se nedich hiene en dêrom hiene se tefolle reservearre. Dêryn is Achtkarspelen net de iennige, seit Osinga. Mear gemeenten, ek yn Fryslân, sitte yn deselde situaasje.

Boppedat is it in ûnderwerp dat him goed lient foar in djippere, prinsipiële diskusje, mient Osinga. "En dan is de kâns op in breuk fansels wol wat grutter." It soe him dan ek net fernuverje dat de kommende tiid mear koälysjes yn Nederlân problemen krije.

Undertusken is der noch gjin nij kolleezje yn Achtkarspelen,. De ûnderhannelingen tusken FNP en CDA en ek Christen Unie binne mislearre. Moandeitejûn waard bekend dat it CDA no de lieding nimt yn de formaasje en in ûnôfhinklik formateur oanstelle wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)