Triengas yn eagen spuite

01 maaie 2012 - 10:21

In 44-jierrige ynwenster fan Ljouwert is yn de nacht nei keninginnedei oanhâlden foar mishanneling. Sy hie in 42-jierrige frou mei triengas yn de eagen spuite. Wêrom't sy dat die, is net dúdlik.

De fertochte naaide út nei har die, mar is letter yn har wenning oanhâlden. It by jin hawwen fan triengas is ferbean yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)