Fries Sociaal Planbureau wol gegevens fan kultuerferienings

26 jul 2016 - 14:01

Kulturele ferienings yn Fryslân kinne de kommende tiid in fragelist fan it Fries Sociaal Planbureau ferwachtsje. Sy wolle witte hoe't it de toaniel-, dûns-, muzyk- en byldzjende keunstferienings fergiet. Sa is it buro benijd nei ledetallen, oft der genôch frijwilligers te krijen binne en hoe't it finansjeel giet.

De enkête is in gearwurking fan it sosjaal planburo mei Keunstwurk. Doel is dat de ferienings alle twa jier ynformaasje trochjouwe, sadat der in trochrinnend byld ûntstiet

De kulturele ferienings yn Achtkarspelen sille as earste in fragelist tastjoerd krije. Begjin takom jier folgje de oare gemeenten. Doel is dat in pear moannen letter de earste resultaten bekend binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)