Skippersportret: Douwe Jzn. Visser

29 jul 2016 - 06:10

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed it skippersportret fan Douwe Jzn. Visser.  

Njoggenfâldich SKS-kampioen Douwe Jzn. Visser fart dit jier foar it 28e jier as skipper op de Sneker Pan. Foarich jier waard er earste mar hoe komt it dit jier mei in hast folslein nij team? Wy lizze Douwe fjouwer fragen foar. 

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
‘’Myn earste taak oan board fan it skûtsje wie swurdeman. Dy taak fûn ik wol hiel dreech.’’

Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
‘’De lêste wedstriid fan de SKS rige yn 2012 op de Snitser Mar. Wy kamen as nûmer fjirtjin om de boppeste boei en kamen as nûmer ien oer de finish!’’

Hoe makkest fan de bemanning in team?
‘’Troch flink wat oeren te meitsjen op it skûtsje makkest fan de bemanning in team. Dus in protte sile mei-inoar!’’

Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
‘’Dat is dochs echt wol Ierlân. It is dêr sa moai rêstich en it lân hat in skitterjende natuer! Mar ek de muzyk jûns yn de pub is geweldich moai.’’

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)