Moai waar: bloeddonoaren komme net opdaagjen by bloedbank

De bloedbanken fan Sanquin yn Fryslân hiene it ferline wike "ekstreem rêstich". Njonken it feit dat it fakânsjetiid is, kamen in oantal minsken ek net nei harren ôfspraak. Om't it sok moai waar wie, besletten in soad minsken op it lêste momint noch om der op út te gean. En dat die de foarrieden by de bloedbank gjin goed.
Dêrom stjoerde Sanquin de donoaren dy't net opdaagjen kamen in mail of sms mei de oprop om dochs noch te kommen. En dêr joegen de minsken moandei massaal gehoar oan. "It wie juster yn sawol Ljouwert as Drachten tige drok", fertelt teamlieder Annie de Jong.
It is neffens De Jong altyd rêstiger yn de simmerfakânsje. Dêrom hie de bloedbank al in bufferke oanlein. "Mar dat gong ferline wike wol hurd hear. De rêst wie doe wol ekstreem."