Bauke Mollema wint kritearium Boxmeer

25 jul 2016 - 23:06
  • Bauke Mollema gie solo oer de einstreek yn Donostia/San Sebastián

Hurdfytser Bauke Mollema hat moandeitejûn it kritearium Daags na de Tour wûn. Dit kritearium yn Boxmeer wurdt tradisjoneel 24 oeren nei de finish fan de Tour de France hâlden. Mollema, de nûmer alve fan it einklassemint fan de Tour fersloech yn de sprint Wout Pouls en Stef Clement.

It kritearium begûn wat letter om't Poels fanút London komme moast, dêr't syn ploech Sky huldige waard fanwegen de winst fan Chris Froome yn de Tour de France.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)