Tefreden oer keninginnedei

01 maaie 2012 - 10:08

De plysje yn Ljouwert sjocht tefreden werom op it ferrin fan keninginnedei. Nettsjinsteande de grutte drokte ferrûn de dei sûnder grutte ynsidinten. Der wiene wol in pear fjochterijen. Santjin minsken binne oanhâlden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder, dronkenskip, fernieling, harddrugs en mislediging.

Op it wetter yn Ljouwert kontrolearre de plysje op te hurd farren. Ien skipper krige in bon, omdat er gjin jildich farbewiis by him hie. Der wiene 130.000 besikers yn de Ljouwerter binnenstêd om keninginnedei te fieren.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)