VVD wol dat fernielers plaggehutten skea sels betelje

25 jul 2016 - 22:39

De VVD-fraksje fan Weststellingwerf is lilk en teloarsteld dat de plaggehutten oan de Spoekeplas yn Noardwâlde wer fernield binne. Fraksjefoarsitter Roelof Theun Hoen wol dat de dieders de skea sels betelje. De fandalen moatte wat him oanbelanget gau pakt en bestraft wurde. As bliken docht dat de dieders minderjierrich binne, moatte de âlden op it hâlden en dragen fan harren bern oansprutsen wurde en foar de kosten opdraaie.

Der stean no stekken om de spitketen. mar sa kinne se ek net brûkt wurde foar it pleatslike simmerfestival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)