Auto mei stikkene remmen rjochtet ravaazje oan yn Dokkum

De Ford Cabrio waard troch de Volvo tsjin de muorre oan klapt © De Vries Media
In auto hat moandeitejûn in grutte ravaazje oanrjochte yn Dokkum. De bestjoerder ried oer de Doorvaart doe't syn remmen it net mear diene. Hy botste mei syn Volvo op in parkearde Ford Cabrio, dy't dêrnei troch de gevel fan in ynstallaasjebedriuw klapte. In part fan de muorre leit dêrtroch yn de loads fan it bedriuw. Guon brokstikken binne tsien meter de loads yn flein.
Der rekke net ien ferwûne by it ûngelok.