Mûnen Menameradiel opknapt

De mûnen by Dronryp en Menaam wurde hjoed en moarn opknapt. It wurk is nedich om derfoar te soargjen dat se ek yn de takomst feilich draaie kinne.
By de mûne fan Dronryp wurdt de roede ferfongen. De mûne fan Menaam krijt in nije fizel dêr't er yn de polder wetter mei mealt. Foar dy mûne is der in kontrakt mei Wetterskip Fryslân. By heech wetter wurdt er ynset om it boezemwetter op peil te hâlden.