Lanlike strânhimmelaksje set útein op Skier en yn Seelân

25 jul 2016 - 20:25

Hûnderten frijwilligers sette nije wike moandei op Skiermûntseach en yn it Siuwske Cadzand útein mei it skjinmeitsjen fan de strannen fan de hiele Nederlânske kust. Op 14 augustus moat it wurk klear wêze. Neffens de organisaasje, Stichting De Noordzee, leit op elke 100 meter strân yn trochsneed 375 stiks ôffal. Dat moat de helte minder wurde. Frijwilligers kinne harren oanmelde op in spesjale webside.

De stichting helle ferline jier mei twatûzen frijwilligers goed 11-tûzen kilo ôffal fan de Nederlânske strannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)