Skippersportret: Teake Klaas van der Meulen

26 jul 2016 - 06:15
  • Teake Klaas van der Meulen

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Oer fjouwer dagen begjint it SKS skûtsjesilen, trije wike lang stride de ferskate skûtsjeskippers tsjininoar op de Fryske marren. Wa wurdt de opfolger fan De Jouwer? Yn de oanrin nei de earste silerij op 30 july by Grou, lizze wy alle skûtsjeskippers fan dit seizoen in pear fragen foar. Hjoed Teake Klaas van der Meulen.

Teake Klaas is ien fan de jongste skûtsjeskippers yn de SKS en is skipper fan it skûtsje fan Wâldsein. Yn 2014 wie syn doel om yn it linkerrychje te einigjen en dat is slagge mei in fiifde plak foarrich jier. Nei omke Keimpe en heit Teake folge hy yn 2013 omke Ype op as skûtsjeskipper fan de Klaas van der Meulen.

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
‘’Myn earste taak oan board wie peiler. Ik fûn it machtich om te dwaan! Al wie it wol in wiet putsje hear.’’

Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
‘’Der binne natuerlik meardere mominten dy’t my by bliuwe sille. Ien fan dy mominten is it tredde plak op Wâldsein foarich jier. It wie in wedstriid mei in soad wyn en it wie machtich moai silen. En op it thúsplakje de flagge yn top is altyd bysûnder moai.’’

Hoe makkest fan de bemanning in team?
‘’Dat doch ik net. Dat dogge we mei-inoar. Troch fanatyk, earlik en iepen tsjininoar te wêzen en in soad wille mei-inoar te hawwen.’’

Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
‘’Myn favorite fakânsjebestimming is Baly. Lekker waar, freonlike minsken en lekker iten.’’

Folje oan: as wy kampioen wurde dan...
‘’As wy kampioen wurde dan meitsje wy der in grut feest fan en dan stiet Wâldsein wis wol op syn kop!’’

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier en alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op de Simmer yn Fryslân-side.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)