PC-bus bringt keatsleafhawwers rûnom wei nei Frjentsjer

25 jul 2016 - 16:27

Busferfierder Arriva set spesjale bussen yn foar de grutte keatswedstriid de PC yn Frjentsjer. Dy is op 3 augustus. De bussen ride fan ferskate plakken yn Fryslân nei it Sjûkelân yn Frjentsjer en werom. De priis foar in kaartsje is 4, 6 of 8 euro foar in retoer, ôfhinklik fan it opstapplak.

Nij is dit jier dat reizgers it kaartsje ek yn it foar keapje kinne op de webside fan Arriva. De tsjinstregeling fan de PC-bussen is ek te finen op de webside fan Arriva.

Trefwurden: 
keatsen PC Arriva bus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)