FIDEO: Sloop busstasjon Ljouwert úteinset

Yn Ljouwert is moandei de sloop fan it busstasjon begûn. Der komt in nij stasjon, as ûnderdiel fan in opknapbeurt fan it hiele stasjonsgebiet. Reizgers moatte dêrtroch de kommende moannen op in oare plak op de bus stappe. Achter it âlde busstasjon is in tydlik busstasjon oanlein. It sjocht der wat oars út as gewoanwei, mar de measte reizgers tinke dêr gjin oerlêst fan te hawwen.