Ferset op camping Skûlenboarch

30 apr 2012 - 21:01

Rekreanten fan camping Skûlenboarch yn Hylpen en de SP yn Súdwest-Fryslân meitsje mei-elkoar beswier tsjin feroaring fan de camping.

De eigener wol yn oparbeidzjen mei de gemeente de steancaravans ferfange troch sjalets. Neffens de beswiermakkers wurdt dêrby gjin rekken hâlden mei de campinggasten fan no, dy't der soms al tritich jier stean. Sy kinne faak gjin nij sjalet betelje. Boppedat draaie se op foar de kosten fan it derwei heljen fan de steancaravan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)