Foarsis de winner fan it Skûtsjesilen en win de Skûtsjepool

25 jul 2016 - 14:42
  • Skûtsjesilen

Wurdt it de Sneker Pan, it Lemster Skûtsje of dochs in oar skûtsje dat wint? Witsto te foarsizzen wa’t de winner fan alle skûtsjedagen wurdt? Meld dy oan foar de skûtsjepool en meitsje it skûtsjesilen noch spannender! Yn de wiken fan de SKS en de IFKS kinst wer alle dagen de nûmers 1, 2 en 3 fan de wedstriid foarsizze en dêrmei in unyk Simmer yn Fryslân luchtbêd winne.

Folje alle dagen fan de SKS en de IFKS de Skûtsjepool yn en wa wit winst ek noch de Skûtsjepool-haadpriis: in skûtsjesyl-arranzjemint foar 4 persoanen. It ynfoljen kin allinnich fia de side, oant it 10-minuteskot falt. As de start útsteld wurdt, hawwe je dus ek mear tiid om yn te stjoeren. Nei it startskot kinne jo de foarsizzing ynfolje foar de folgjende wedstriid.

Hawwe jo de winner goed foarsein, dan krije jo 4 punten. De nûmer 2 is goed foar 2 punten, de nûmer 3 foar 1 punt. Foar elke goeie foarsizzing yn de top trije krije jo ek 1 punt. By in gelikense einstân wint dejinge dy't de foarsizzing it earst ynstjoerde. De offisjele útslach fan de SKS en IFKS wurdt oanholden, dus nei de ferwurking fan mooglike protesten. As de wedstriid net trochgiet, kinne jo gjin punten fertsjinje en is der dus ek gjin deiwinner. Klik hjir om de Skûtsjepool yn te foljen!

Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op de Simmer yn Fryslân-side. Besjoch ek ús skippersportretten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)