Fryske jongeren yn Krakau foar Wereld Jongeren Dagen

In ôffurdiging fan goed sechstich jongeren fan it bisdom Grins-Ljouwert is yn Krakau (Poalen). Dêr begjinne tiisdei de Wereld Jongeren Dagen. Fan woansdei ôf is paus Franciscus dêr ek by. Yn totaal ferwachtet de organisaasje twa oant trije miljoen jongerein yn Krakau. De Wereld Jongeren Dagen binne ien kear yn de twa of trije jier. Op it evenemint kinne katolike jongerein fan oer de hiele wrâld mei mekoar yn de kunde komme. Hast echt it gefoel datst by in wrâldtsjerke hearst, seit Jacco Dijksma (23) út Easterwâlde.
Fryske flagge
Hy is foar it earst by de Wereld Jongeren Dagen en is fuortendaliks ek ien fan de reislieders. Om de groep goed by mekoar te hâlden, hawwe se ek in Fryske flagge meinaam. "Dat is een goed herkenningspunt. Maar we krijgen wel veel vragen van jongeren uit andere landen over de vlag. Zij herkennen hem natuurlijk niet en denken dat we van een klein eiland komen", fertelt Dijksma.
Kultuer
De groep fan Dijksma bestiet út 45 man. Se hawwe ôfrûne wike al in soad fan Poalen sjoen. "Dat hoort er wel bij. Dat je de cultuur van het gastland goed leert kennen." De groep fan Grins-Ljouwert hat ûnder oaren yn Auschwitz, Swiebodzin en Poznan west.