Stijn Schaars makket oerstap nei SC Hearrenfean

Stijn Schaars spilet it kommende seizoen by SC Hearrenfean. De 32-jierrige middenfjilder komt oer fan PSV. Schaars hat in kontrakt tekene foar twa jier. Twa jier lyn rekke hy swier blessearre en kaam hy eins it hiele seizoen net yn aksje. Ferline jier kaam hy net fierder as 12 wedstriden.
Earder spile de kontrolearende middenfjilder foar Vitesse, AZ en Sporting Lissabon. Schaars spile 23 wedstriden foar it Nederlânsk alvetal en siet by de seleksje fan it WK yn Súd-Afrika yn 2010. Yn 2006 waard Schaars Europeesk kampioen mei Jong Oranje.
Foppe de Haan wie de coach fan Jong Oranje.