Winkeldief oanhâlden yn Ljouwert

© ANP
De plysje fan Ljouwert hat moandeitemoarn in 46-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar stellerij. De man hie twa blikjes drank stellen út in winkel yn de Van Loonstrjitte yn de stêd. Doe't it personiel fan de winkel de Ljouwerter betrape en him oanspruts, bedrige de dief de meiwurkers mei in mes en naaide dêrnei út.
De plysje hie in burgernetaksje opstart, dat hat ferskate tips opsmiten. Oan 'e hân fan kamerabylden koe de man úteinlik oanhâlden wurde. Hy is ynsletten foar ûndersyk.